Wike 1

23 t/m 28 juli
De fakânsje set goed yn! Op snein 24 july binne wy te iten west mei Piet en Rhonda Groothof. Dit ha wy harren oanbean, omdat Hendrik altyd by harren ite mei, as der jûns noch wat op skoalle yn Tytsjerk te belibjen is. Bygelyks 10-minutepetearen (moai Frysk!). Wilma wist in hiel moai lyts restaurantsje. Earne by it Lauwersmargebiet. It hjitte Het Roode Hoofd. It siet der o sa smûk en it iten smakke o sa hearlik!

De menukaartEigners fan restaurante Chez Rhonda...
Master en jufferIn echte van der Heide!

Op boppesteande foto sjogge jimme it útsicht fanút us fakânsjeadres. No ja, fakânsjeadres... Wy pasje op it hûs fan in kollega fan Wilma en har freon. Yn in prachtige lannelike omjouwing! Wy pasje net allinne op de wenning, mar ek op Ronja de hûn. In prachthûn! Tige waaks en trou. Achter is it útsicht wol sa moai! Dêr rinne hynders. De 'ferkearde' kleur, mar afijn, it binne ek hynders... (Oh, oh guon fan Wilma har menferiening moatte dit net lêze!)
Wy kinne ús moai deljaan. De PC oan de ADSL-ferbining en wy kinne ús fakânsjeboek ek noch byhâlde...

Wat soesto no...In prachtplakje...

No earst mar even nei bûten, de krant lêze. It is hearlik waar. De sinne ûntbrekt noch...
Op tongersdeitejûn 28 july wie der yn Bûtenpost in strjitartistenfestival. No leit Bûtenpost hjir flakby, dat derhinne! It wie wol aardich. Afslag Sneek ferraste my mei harren ritmyske foarstelling (mar ek mei de bekende foljeballer, kinne jo him?) en Circustheater Vladimir brocht in hiele moaie foarstelling oer de earme Vladimir dy't syn droomprinses socht. Hiel knap, nijsgjirrich en atletysk!
Fansels wiene der ek de gebrûklike jongleurs en akrobaten. En net te ferjitten de hjirnjonken steande Silverman
Dizze artisten ha ek aardige websites! Klik op:
www.ctvladimir.nl
www.afslag-sneek.nl
www.silverman.nl


29 july
Kin net misse fansels. Hendrik nei theater en Wilma nei de hynders! Yn Driesum/Walterswâlde wiene de jierlikse hynstedagen. Mei de marathon. Wilma makke de ûndersteande foto's.
www.paardendagen.nl


30 juli
Ik kin der mar net oan wenne. Dat leven ûnder optredens en foarstellingen... Wat wie it gefal? Sneontemiddei wie der yn de feesttinte te Driesum, by de boeredei, in optreden fan 'ús freonen' út Harns seemanskoar de Skúmkoppen, Gurbe Douwstra en noch ien as d'oar muzykgroepke. Dat der hinne fansels! Foaral fanwege Gurbe, dy mei'k graach heare! Mar wat in leven yn sa'n tinte! Earme muzikanten! Dêr komme jo dochs nea boppe út! No hie Gurbe in goeie fersterking, mar sa no en dan foel de rjochter boks ek noch út! Mar Gurbe koe de tinte aardich meikrije, foaral mei syn nûmer 'Lit jim gean Friezen'. Mar foar de Skúmkoppen wie it dreech, hoewol se tige harren bêst diene! Dy lûdsman fan harren snapte ik ek net. Dy stie mei syn mengpaneel flak foar harren eigen boks! As de man wie dôf, as hy wist net better! Sa kinne jo dochs nea heare hoe't by ús earen komt? San man moast achter yn de seal stean... No ja... It muzykgroepke koe de seal alhiel net meikrije, en ús 'boeren' út Driesum sitte alhiel net te wachtsjen op soksoarte fan folksmuzyk. Mar ik ha my wol fermakke! Mar dochs... dat ge-âl yn de tinte, ûnders foarstellingen, ik kin der nea oan wenne!
De jûns mar wer op nei Bûtenpost, dêr ha sy feest. Dat krekt as elk jier, ringriden, mei orizjinele oanspanningen. Gaele en Corrie diene ek mei. Sy diene it goed! Sy waarden twadde, de alderlêste ring waard krekt mist! Protte bekenden en in goeie sfear!
www.skumkoppen.nl (geintsje)
www.gurbedouwstra.nl