28 augustus
| Witte jimme it noch? Fan wike 1? Doe setten wy de fakânsje goed yn mei in hearlik diner mei Piet en Rhonda yn it Roode Hoofd by Kollumeroord. No, dat hat de kok net oerlibbe, want ik krige dit berjocht fan Rhonda tastjoerd. Ik wit net oft it troch ús besite komt, as troch wat oars... Spitich, want jo koene dêr hearlik ite! Miskien moatte wy it mar oernimme... Ik wit al in kok... 
|
 |
Ja! It is wer safier! Marten Remko siet wer yn 'e krânsen. Mei in keatspartij yn Brantgum. Dat hy kaam thús mei in prachtige krâns! Dy moast fuort oan de gevel fansels. Mar net alline dat prachtige blomstik waard mei nei hûs ta naam, ek in ryklik folde 'levensmiddelenmand' stie der op it oanrjocht. Dat de stân ringstekkers-keatsers is no hast 0 - 15. Kom op dames!
29 augustus
De gondelfeart fan ferline wike krige noch in hiel aardich sturtsje! Nee, gjin mûzesturt, mar in prizesturt! Op de webside fan de feestwike Balk lies ik dat ik mei it ynfoljen fan de publiekspriis sels in priis wûn ha! Dat it feest koe wol wer út!
www.feestweekbalk.nl

2 septimber
De fakânsje is sa stadich oan syn ein en ús wykboek is hast 'fol'. Wol jammer dat it no moai waar begjint te wurden... Mar hawar, wy kinne der wol oer seure, mar dat helpt neat. Bin fan'e wike ek al wer even op skoalle west. Alles klear meitsje foar it nije skoallejier. Wilma slút de fakânsje ôf mei in noflik menwykein yn de bosken fan Appelsgea. Hjoed ha wy in fikse bui, dat de skilders, dy't mei ús huzen oan de gong binne, fleagen de keet yn en sitte dêr no te wachtsjen oan't de bui oer is. Alles stiet hjir iepen, want se wiene krekt mei de foardoar oan 'e gong. Wy moatte der wat foar oer ha. Fannemiddei binne de strikers frij en dan kinne se der moandei wer plat foar. Krekt as ús...
www.itlemieren.nl
www.schildersboersma.nl
4 septimber
Oan alles komt in ein! Ek oan dizze fakânsje. Tradisjoneel slute wy de fakânsje ôf mei in yntiem dinee. Herman Douwe en Elbrich woene leaver net mei, dat it selskip bleau beheind ta 3 persoanen. Wy soene wakker nei dat nije restaurant by Marsum Nij Andringastate mar dat wie sa grôtfol en der wie boppedat ek gjin plak mear, dat wy binne in Ljouwert te telâne kaam. By Het Leven, dêr kinne jo altyd lekker ite! En sa kaam der ek dizze kear wer in ein oan de altyd noflike fakânsje!
Oh ja... de skilders binne ek klear...
www.hetleven-silbermann.nl